ROL & WIZE FAN GEARWURKJEN
It Frysk Underwiisberied jout mei-inoar rjochting oan de takomst fan Fryslân. Fanút fertrouwen en in mienskiplike ferantwurdlikens wurkje ûnderwiis- en ûndersyksynstellingen, ûndernimmers, oerheden en maatskiplike organisaasjes gear oan de útfiering fan it UnderwiisakkoartFryslân.
De partners ferbine ûnderwiis, ûndersyk en praktyk, fersterkje besteande inisjativen en ûntwikkelje nije gearwurkingen. Sa jouwe sy mei-inoar foarm oan de ambysjes en wurkaginda's fan it akkoart en bouwe sy oan in regio dêr't learen, ûndersykjen, wurkjen en ynnovearjen inoarfersterkje. Net as lossteande organisaasjes, mar as ien ferbûn netwurk dat wurket oan de ûntwikkeling fan talint én oan ‘it bêste lân fan d’ierde no en yn ’e takomst’.

AGINDA
Us ambysje krijt konkreet foarm yn trije mienskiplike wurkaginda's foar de perioade 2026–2030.

WHY: WÊROM DOGGE WY DIT?
Wy leauwe yn de krêft fan minsken. Elkenien hat talint. Talint dat sjoen, ûntwikkele en ynset wurde mei. Want as minsken groeie, groeit Fryslân mei. Dêrom sette wy ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje yn as driuwende krêft foar de ekonomyske wearde, de enerzjy en de takomstbestindigens fan Fryslân.
Fryslân stiet foar grutte maatskiplike, ekonomyske en technologyske feroarings. Digitalisearring, keunstmjittige yntelliginsje, de enerzjytransysje, fergrizing en feroarings op de arbeidsmerk freegje om nije kennis, nij fakmanskip en nije feardichheden. Tagelyk biede dy feroarings kânsen om Fryslân sterker, ynnovearjender en klear foar de takomst te meitsjen.
Dêrom bouwe wy mei-inoar oan in regio dêr't in libben lang learen fanselssprekkend is, dêr't elkenien de romte kriget om syn of har talint te ûntwikkeljen en dêr't ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje bydrage oan brede wolfeart. Sa wurkje wy oan in Fryslân dêr't wolfeart, wolwêzen en in goed libben yn lykwicht binne en minsken har ynsette foar de mienskip.

WÊROM DOGGE WY DIT?

HOW: HOE DOGGE WY DAT?
Troch mei-inoar te learen, mei-inoar te ynnovearjen en mei-inoar ferantwurdlikens te nimmen. Wy ferbine ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje mei de fraachstikken dy't yn Fryslân libje. Dat dogge wy net elk foar ússels, mar út in dielde ambysje en ferantwurdlikens foar de regio wei.
Wy bouwe oan in sterk lear- en ynnovaasje-ekosysteem dêr’t learlingen, studinten, ûndersikers, ûndernimmers, professionals en oerheden inoar fine en fan inoar leare. In omjouwing dêr’t kennis yn de praktyk syn wearde krijt, nije ynsjoggen ûntsteane troch gearwurking en minsken har in libben lang ûntwikkelje kinne.
Dêrby steane wy foar it prinsipe fan sirkulêr learen. Wy sjogge learen net as in rjochte wei mei in begjin en in ein, mar as in oanhâldende beweging dêr't kennis, fakmanskip, feardichheden en ûnderfining inoar yn fersterkje. Wat wy leare, krijt syn wearde yn de praktyk. Wat wy meimeitsje, bringt nij learen op gong. Sa groeit der in krêftige wikselwurking tusken ûnderwiis, ûndersyk, wurk en mienskip.
Wy leare fan en mei inoar. Op skoalle en op de kampus. Op de wurkflier en yn de mienskip. As learling, studint, professional, ûndernimmer of ynwenner. Sa meitsje wy in libben lang learen net allinnich mooglik, mar ek fanselssprekkend.
Thús yn Fryslân. Iepen nei de wrâld. Motivearre troch de oertsjûging dat de takomst boud wurdt dêr't minsken trochgean mei learen, ynnovearjen en gearwurkjen.

HOW: HOE DOGGE WY DAT?
Troch mei-inoar te learen, mei-inoar te ynnovearjen en mei-inoar ferantwurdlikens te nimmen. Wy ferbine ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje mei de opjeften dy't yn Fryslân spylje. Dat dogge wy net út losse belangen wei, mar fanút in mienskiplike ambysje en ferantwurdlikens foar de regio.
Wy bouwe oan in krêftich lear- en ynnovaasje-ekosysteem dêr't learlingen, studinten, ûndersikers, ûndernimmers, professionals en oerheden inoar moetsje en fersterkje. In omjouwing dêr't kennis betsjutting kriget yn de praktyk, ynnovaasje ûntstiet troch gearwurking en talint him in libben lang ûntwikkelje kin.
Dêrby wurkje wy út it prinsipe fan sirkulêr learen. Wy sjogge learen net as in lineêr trajekt mei in begjin en in ein, mar as in trochgeande beweging dêr't kennis, fakmanskip, feardichheden en ûnderfining inoar fersterkje. Wat wy leare, krijt betsjutting yn de praktyk. Wat wy ûnderfine, fiedt it learen op 'e nij. Sa ûntstiet in krêftige wikselwurking tusken ûnderwiis, ûndersyk, wurk en maatskippij.
Wy leare fan inoar, mei inoar en troch inoar. Op skoalle en op de campus. Op de wurkflier en yn de mienskip. As learling, studint, professional, ûndernimmer of ynwenner. Sa meitsje wy in libben lang ûntwikkeljen net allinnich mooglik, mar ek fanselssprekkend.Woartele yn Fryslân.
Ferbûn mei de wrâld. Dreaun troch de oertsjûging dat de takomst ûntstiet dêr't minsken bliuwe learen, fernijen en gearwurkje.

HOW: HOE DOGGE WY DAT?
Troch mei-inoar te learen, mei-inoar te ynnovearjen en mei-inoar ferantwurdlikens te nimmen. Wy ferbine ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje mei de fraachstikken dy't yn Fryslân libje. Dat dogge wy net elk foar ússels, mar út in dielde ambysje en ferantwurdlikens foar de regio wei.
Wy bouwe oan in sterk lear- en ynnovaasje-ekosysteem dêr’t learlingen, studinten, ûndersikers, ûndernimmers, professionals en oerheden inoar fine en fan inoar leare. In omjouwing dêr’t kennis yn de praktyk syn wearde krijt, nije ynsjoggen ûntsteane troch gearwurking en minsken har in libben lang ûntwikkelje kinne.
Dêrby steane wy foar it prinsipe fan sirkulêr learen. Wy sjogge learen net as in rjochte wei mei in begjin en in ein, mar as in oanhâldende beweging dêr't kennis, fakmanskip, feardichheden en ûnderfining inoar yn fersterkje. Wat wy leare, krijt syn wearde yn de praktyk. Wat wy meimeitsje, bringt nij learen op gong. Sa groeit der in krêftige wikselwurking tusken ûnderwiis, ûndersyk, wurk en mienskip.
Wy leare fan en mei inoar. Op skoalle en op de kampus. Op de wurkflier en yn de mienskip. As learling, studint, professional, ûndernimmer of ynwenner. Sa meitsje wy in libben lang learen net allinnich mooglik, mar ek fanselssprekkend.
Thús yn Fryslân. Iepen nei de wrâld. Motivearre troch de oertsjûging dat de takomst boud wurdt dêr't minsken trochgean mei learen, ynnovearjen en gearwurkjen.

WHAT: WAT WOLLE WY BERIKKE?
Us mienskiplike ambysje is dúdlik: talint ûntwikkelje, ynsette en behâlde foar Fryslân. Sa wurkje wy oan in skjin en sûn Fryslân dêr't it goed te libjen is en rinne wy foaroan op it mêd fan trochgeand learen. Dêrfoar sette wy ús yn foar trije ûnderling ferbûne kearndoelen:
STERKE kennisynfrastruktuer
Wy bouwe oan in krêftich en ferbûn kennislânskip dêr’t praktysk, tapast en wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk inoar fersterkje. Sa ûntstiet in beweging dêr't talint groeie kin, ynnovaasje ûntstean kin en kennis direkt bydraacht oan de ûntjouwing fan Fryslân.
Fearkrêftige (wrâld)boargers
Wy stypje minsken yn harren ûntwikkeling ta nijsgjirrige, fearkrêftige en maatskiplik belutsen boargers en professionals. Minsken dy't de kennis, it fakmanskip en de feardichheden hawwe om mei súkses har wei te finen yn in wrâld dy't hieltyd feroaret en dy’t har aktyf ynsette foar de mienskip.
Brede wolfeart & sirkulêre koprinner
Wy sette ûnderwiis, ûndersyk en ynnovaasje yn foar de grutte fraachstikken fan ús tiid. Sa fersterkje wy de brede wolfeart fan Fryslân én bouwe we fierder oan ús posysje as wrâldwiid erkende koprinner yn sirkulariteit. Net as doel op himsels, mar as in wize om ekonomyske, ekologyske en sosjale fraachstikken yn gearhing oan te pakken.

It akkoart jout rjochting. De wurkplannen bringe beweging. De gearwurking makket it mooglik.

Rengerslaan 8-10
8917 DD Ljouwert
Rengerslaan 8-10
8917 DD Ljouwert
Rengerslaan 8-10
8917 DD Ljouwert